Feest YKK-ritsefabryk 50 jier

03 jul 2014 - 16:36
  • Ritsefabryk YKK yn Snits bestiet 50 jier

Mei in ymponearjende stoet oan pommeranten út Japan en Nederlân is it 50 jierrich bestean fan ritsefabryk YKK yn Snits fierd. It fabryk wie yn 1964 de earste festiging fan de Japanners yn Europa. No is it bedriuw yn dit part fan de wrâld yn 38 lannen aktyf.

It fabryk yn Snits is yn de lêste jierren in stik lytser wurden fan mear as 100 wurknimmers nei yn lytse 20 no. Direkteur Sarumaru fan YKK hechtet grutte wearde oan it startplak fan syn bedriuw yn Europa.

Hoewol't it belang folle minder is as earder is hy fêst fan plan de festiging yn Snits oerein te hâlden. As tank foar de goede bannen mei Snits oerlange Sarumaru in sjek fan 30.000 Euro oan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)