File op A6 troch autobrân
Op de A6 by Sint Nyk stie tongersdeitemiddei (15.30 oere) twa kilometer file. De fertraging is ûntstien troch in auto dy't yn de brân stiet. Der binne gjin ferwûnen. De brânwacht is drok dwaande de auto te blussen. De file stiet yn de rjochting fan De Jouwer.