Fúzje tusken Stenden en NHL

Hegeskoallen NHL en Stenden sille fusearje. Dat hawwe beide skoallen tongersdei bekend makke. De fúzje moat per 1 septimber 2016 in feit wêze. Beide skoallen wurkje al sûnt ferline jier yntinsyf gear. It personiel is tongersdei ynljochte. Wat de gefolgen binne foar de wurkgelegenheid, is noch net bekend. Nei de fúzje ûntstiet in skoalle mei goed 23.000 studinten en 2000 meiwurkers. Beide skoallen ferwachtsje net in soad ûntslaggen, wol kin it wêze dat der dûbele funksjes ûntstean dy't skrast wurde moatte.
NHL en Stenden hoopje mei de fúzje de kwaliteit fan it ûnderwiis te ferbeterjen. In pear jier lyn wie der ek al in plan om te fusearjen, mar dat slagge doe net. Der wie doe net genôch gemy tusken beide skoallen.