Lieuwe Westra topfit foar Tour

03 jul 2014 - 13:51
  • Lieuwe Westra yn de kleuren fan Astana

Hurdfytser Lieuwe Westra is yn de foarm fan syn libben. Mei tank oan in hichtestaazje is Westra hielendal klear foar de start fan de Tour de Frnace, sneon yn it Ingelske Leeds. Lieuwe Westra moat yn de Tour ride foar syn kopman Vicenzo Nibali, dy't kâns makket op de winst yn it einklassemint.

Lieuwe Westra fan De Tynje rydt dit seizoen foar it earst yn tsjinst fan Nibali. Hy ferruile oan de begjin fan dit jier de opdoekte ploech Vacansoleil foar Astana út Kazachstan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)