Droegerij E'wâlde draait wer

Brân yn de gersdroegerij fan Easterwâlde © 112 Fryslân, Klaas Jan Mollema
De gersdroegerij oan de Drie Tolhekken yn Easterwâlde kin tongersdeitemiddei wer draaie. It filter dat woansdeitejûn troch in stofeksploazje ferneatige waard, wurdt moarns ferfongen. De brân bruts woansdeitejûn goed healwei tsienen út. De korpsen fan Easterwâlde, Wolvegea en Appelskea hawwe by de brân west. Der wiene gjin minsken yn de gersdroegerij doe't der brân wie.