Tall Ships Races yn Harns los

03 jul 2014 - 10:17

Yn Harns binne niiskrekt de Tall Ships Races begûn. Oant en mei snein steane by it evenemint 66 grutte sylskippen sintraal. Dy komme út de hiele wrâld nei Harns. Tongersdei fan ien oere ôf farre se by de 'Sail In' de stêd yn. Kommende sneintemiddei is der wer sa'n offisjeel momint as de skippen Harns ferlitte. Se sile dan nei Skandinavië. Der is in hiel programma, dat bestiet ûnder oare út optredens, wedstriden, eksposysjes en merken mei in nautysk tintsje.

Omrop Fryslân docht live ferslach op radio, tv en ynternet fia Omrop live.

Alle dagen wurdt der in live-blog byhâlden fanút de tydlike Omrop Fryslân-studio yn de haven fan Harns.Gean hjir nei de spesjale Omrop Fryslân-webside.

Yn totaal wurde der 350.000 besikers ferwachte. De plysje warskôget dy besikers har oan de parkearregels te hâlden. Fan 'e moarn is in tal auto's fuortsleept fanwege oerlêst.

Trefwurden: 
Harns Tall Ships Races
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)