Goede saken troch Tall Ships

03 jul 2014 - 08:07

Kemping De Zeehoeve yn Harns belibbet goede dagen. Troch de Tall Ships Races dy't fan tongersdei oant en mei snein yn de stêd hâlden wurde is de kemping folboekt. Benammen it oernachtsjen fan 350 dielnimmers oan de Solar Challenge, ien fan de ûnderdielen fan de Tall Ships Races, soarget foar in optimale besetting.

Net allinne de kemping belibbet moaie dagen, ek bakkerij Elzinga ferwachtet in soad drokte. De bakker hat syn oanbod oanpast oan it evenemint, sa wurdt der ûnder oare Tallshipsbôle en Kapiteinsbôle ferkocht.

Foar Hotel Harlingen binne it spannende dagen. It hotel gie krekt foar de Tall Ships Races iepen en hat de seis keamers dy't yntusken klear binne fol sitten. Foar it hoarekadiel is ekstra personiel ynhierd, om de ferwachte drokte oan te kinnen. Ek oare ûndernimmers yn Harns hoopje op ekstra omset. De Tall Ships Races begjinne tongersdei om tsien oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)