Promovearje op Anne Zernike

Anna Zernike spile troch in aktrise yn in dokudrama fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
De yn Droegeham berne Froukje Pitstra promovearret tongersdei op har biografy oer Anne Zernike. Se docht dat by de Universiteit fan Grins. Anne Zernike wie de earste froulike predikant fan Nederlân en wurke ûnder oare by de Mennistetsjerke yn De Knipe.
Se wie troud mei de skilder Jan Mankes. De biografy oer Zernike is fan septimber ôf te keap.