Haga listlûker ChristenUnie

03 jul 2014 - 07:33
  • ChristenUnie

De hjoeddeiske steateleden fan de ChristenUnie binne by de ferkiezings fan maart takom jier opnij ferkiesber. Dat ha de leden fan de partij woansdeitejûn bepaald. Anja Haga, Wiebo de Vries en Ynze de Boer foarmje de nûmers ien oant en mei trije fan de list, oanfold mei âld-steatelid Richard Klerks en fraksjelid Reitze Douma. De leden hawwe woansdei ek de list foar de wetterskipsferkiezings fêststeld. Dy wurdt foar de ChristenUnie oanfierd troch Rein Ferwerda, dy't no ek al bestjoerslid by de organisaasje is.

Op it twadde plak foar de wetterskipsferkiezings stiet Egbert Berents, âld-wethâlder fan Smellingerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)