Coen Rijpma wint Zevenhuizen

02 jul 2014 - 23:00

Coen Rijpma fan Aldeholtpea hat woansdei de fjirde etappe fan it Noordenveld-Westerkwartier wûn. Yn Zevenhuizen naaide hy healwei it kritearium út mei Paul de Haan en Jos Harms. Yn de lêste omgong gong Rijpma op aventoer en dat slagge. De Haan waard twadde, Harms tredde. Jan Bos fan Bontebok wie de rapste fan it peloton, foar Teake Piet van der Werf fan Dearsum en Kevin Snijder fan Kollum. Yn it algemien klassemint bliuwt Johan Knol de lieder. Fan de Fryske hurdfytsers stiet Stef Krul fjirde en Coen Rijpma fiifde. Freed wurdt der wer koerst.

Trefwurden: 
hurdfytsen Coen Rijpma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)