Langwar hat in bûlevaar

02 jul 2014 - 22:20

Wettersportdoarp Langwar hat syn eigen bûlevaar. De Stevenshoek tusken de passantehavens en it sintrum is folslein fernijd en dat moat it doarp noch oantrekliker meitsje foar boatsjeminsken. Boppedat moat it sintrum sa mear profitearje kinne fan dy boatsjeminsken om't de minsken graach oer de bûlevaar rinne wolle. Doarpsbelang is tige wiis mei de fernijing fan dit stik fan it doarp.

Neffens foarsitter Freek Faber wie de Stevenshoek oan it fertutearzjen. De gemeente en de provinsje hawwe der tegearre goed 900.000 euro ynstutsen.

Trefwurden: 
Langwar bûlevaar Stevenshoek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)