Zeinstra noch yn wachtkeamer

WK Fuotbaljen
Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp wit noch hieltyd net oft hy noch in kear yn aksje komt op it WK fuotbal. Tegearre mei skiedsrjochter Björn Kuipers en grinsrjochter Sander van Roekel hat hy no by trije wedstriden stien te flagjen. By ien wedstriid wie hy fjirde offisjal.
De FIFA hat de earste kwartfinales fan sneon al tawiisd oan in skiedsrjochtersteam. De kwartfinales fan snein lykje net nei it team Kuipers te gean, omdat Nederlân dan ek spylje moat. It súkses fan Nederlân betsjut miskien dat Zeinstra net mear yn aksje komt.