Fjirde deititel Oane Galama

02 jul 2014 - 22:12
  • Oane Galama

Oane Galama hat woansdeitejûn mei in ôfstân fan 20.78 de njoggende earste klas fierljepwedstriid fan it seizoen yn Drylts wûn. It wie foar de klassemintslieder al wer de fjirde deititel. Thewis Hobma waard twadde mei 19.95, Nard Brandsma tredde mei 19.71. By de froulju levere Klaske Nauta mei 15.77 de bêste Fryske prestaasje fan dit seizoen. Marrit van der Wal waard mei in pr fan 15.41 twadde. By de junioaren wie foar de earste kear dit seizoen Bobby Zwaagman de bêste. Op syn thúsbarte ljepte er 18.03. By de jonges wûn Freark Kramer mei 17.25.

Dat wie foar de jonge Heidenskipster alwer in pr. Jan Teade Nauta waard sadwaande lang om let ferslein. Hy sprong mei 16.81 nei it twadde plak. By de junioaren wist ek Andries Jepma fan Jouswier in pr te ljeppen. Achter Age Hulder (17.74), foar de twadde kear dit jier ferslein, waard Jepma tredde mei 16.84. Niels Koetsier koe by de topklassers ek in persoanlik rekôr byskriuwe: 18.81.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)