Rioel oanpakt yn SW-Fryslân

02 jul 2014 - 20:31

De gemeente Súdwest-Fryslân stekt dit jier hast njoggen ton yn it ûnderhâld fan de rioelen. Gewoanwei is dit ûnderhâld keppele oan it ûnderhâld fan de diken, mar dêr stiet dit jier hast neat fan op it programma. It rioelûnderhâld sil plakfine yn Snits, Boalsert en Starum.

It ûnderhâld betsjut net dat de diken iepenbrutsen hoege te wurden. Der wurdt in technyk tapast wêrby't der fan binnenút in nije binnenkant tsjin de rioelbuis oanplakt wurdt. Hjirmei giet de buis ûngefear like lang mei as in nije betonnen- of pvc-rioelbuis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)