Briedende ierdsweltsjes yn dún

Foar it earst yn jierren briede der wer ierdsweltsjes op Skylge en It Amelân. Op Skylge binne 33 nêstgatten yn stowende dunen achter Aasterein fûn en op It Amelân binne der in stik of wat nêstgatten yn lege steile dunen by it strân fan Nes. Neffens Joeri Lammers fan Steatsboskbehear is it bysûnder dat der sa'n grut oantal op de eilannen kaam is.
Dat de ierdsweltsjes no sa goed op de eilannen briede kinne, hat te krijen mei de wyn, benammen de stoarm oan de ein fan foarich jier, dy't de dunen steil útslyt.