Finnbogason giet nei Spanje
SC Hearrenfeanspiler Alfred Finnbogason giet nei Spanje. Mei yngong fan it nije seizoen komt de spits út foar Real Sociedad, it giet om in kontrakt fan fjouwer jier. Dat hat de Fryske fuotbalklup bekend makke. Finnbogason makke it ôfrûne seizoen 29 doelpunten foar SC Hearrenfean en wie dêrmei topskoarder yn de Nederlânske kompetysje.