Sinneboat stikken nei botsing

De Sinnefûgel, de sinneboat fan de Snitser skoalle ROC Friese Poort, is woansdei botst by de start yn Snits. By de massastart wie de Snitser boat rap fuort, mar rekke ûnbestjoerber doe't ien fan de draachfleugels tsjin in foarwerp ûnder wetter oankaam. De boat knalde mei hege snelheid op de wâlskant. De bestjoerder rekke net ferwûne.
De learlingen wurkje hurd oan de reparaasje en wolle tongersdei wer meidwaan oan Solar Challenge.