'Brânfertochte bot skrokken'

02 jul 2014 - 12:49

De 39-jierrige Drachtster dy't ferfolge wurde sil foar de brân yn Ljouwert, is bot skrokken. Neffens syn advokaat is it noch mar de fraach oft de man skuldich is. It Iepenbier Ministearje makke woansdei bekend dat de Drachtster ûnfoarsichtich hannele hat op 19 oktober op De Kelders. De man soe de gaskraan fan de kachel tichtdraaie en doe ûntstie in stekflam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)