Advysried rint fertraging op

02 jul 2014 - 12:39

De ynstelling fan in ûnôfhinklike advysried foar rederij Doeksen oer de feartsjinsten nei Skylge en Flylân hat fertraging oprûn. Doeksen hat nei de oername fan de Eigen Veerdienst Terschelling, EVT, de opdracht krigen om op 1 july in reglemint foar sa'n ried op tafel te lizzen mei in tal nammen dy't yn de rie sit nimme moatte. It konsept is der wol kaam, mar de ynhâld is ôfkard troch belutsen partijen wêrûnder de gemeenteried fan Skylge.

De ried is bedoeld om stjoering te jaan oan it belied fan Doeksen yn de takomst.

Trefwurden: 
EVT Doeksen advysried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)