Pleit foar wynmûnefrij Lj'diel

02 jul 2014 - 11:32

De FNP yn Ljouwerteradiel wol in opromplicht foar besteande wynmûnen om dêrmei op termyn in wynmûnefrije gemeente te krijen. De partij tsjinnet tongersdei in moasje by de riedsgearkomste. Dêryn wurdt pleite foar gjin nije wynmûnen op gemeentlik grûngebiet. De partij wol boppedat dat de ynwenners de mooglikheid krije te partisipearjen yn it úteinlik nij opstelde provinsjale wynenerzjyfermogenplan.

Foar 1 jannewaris 2015 moat Provinsjale Steaten in beslút nimme wêr't de wynmûneparken yn Fryslân komme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)