Studint fan Stenden ferstoarn

02 jul 2014 - 10:07

Yn Súd-Afrika is freed in Nederlânske studint ferstoarn. De 24-jierrige man út Haaksbergen siet op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert en wie op staazje. Hy ferstoar neidat er mei freonen syn jierdei fierde yn de bar fan de campus. Nei alle gedachten is in oantal drankjes en in drankspultsje mei in trechter him fataal wurden. De plysje docht ûndersyk nei de eksakte oarsaak fan syn stjerren.

Op fersyk fan de âlden docht de hegeskoalle noch gjin útspraken oer it ûndersyk. Meiwurkers en studinten fan de oplieding binne ferslein troch it nijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)