Jubileum fytswike Wolvegea

02 jul 2014 - 06:09

De Fytsfjouwerdaagse yn Wolvegea fiert dit jier it 40-jierrich jubileum. De teller stie op de begjindei op sa'n tûzen dielnimmers. Dat binne der krekt wat mear as de lêste jierren. Mooglik dat it jubileum ekstra fytsers lûkt. Tiisdei waard ek de jubileumtocht ferriden.

Foar woansdei, tongersdei en freed stean der noch tal fan moaie rûtes op it programma yn de rjochting fan Noardwâlde en Oranjewâld. Op de slotdei wurdt tradisjoneel al fjirtich jier de Turfmakkersrûte nei de Weerribben fytst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)