Stef Krul wint ek yn Hoogkerk

01 jul 2014 - 22:50
  • Stef Krul wûn moandei yn Nieuw-Roden

Stef Krul hat syn twadde oerwinning yn de meardaachse Noordenveld-Westerkwartier te pakken. Nei de winst fan moandei yn Nieuw-Roden wie de 18-jierrige hurdfytser út Tsjalbert de bêste yn de tiidrit fan Hoogkerk. Yn de 'Alto di Hoogkerk' die Elmar Reinders fan Emmen seis sekonden langer oer de 6,2 kilometer. Rick Ottema fan Muntendam waard tredde. Dêrnei kamen de Friezen Andries Weening, Ruben Hoekstra, Durk Fabriek en Coen Rijpma. Johan Knol fan Midwolde waard achtste en hâldt de giele liederstrui. Stef Krul is no twadde yn it klassemint.

Woansdei wurdt der koerst yn Zevenhuizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)