'Dúdlikens oer brân Ljouwert'

01 jul 2014 - 21:15

Nei acht moanne komt der woansdei dúdlikens oer de grutte brân yn de binnenstêd fan Ljouwert. In spesjale ûndersykskommisje sil bekend meitsje wat der op 19 oktober 2013 op de Kelders krekt gebeurd is. By de brân kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben. Justysje sil ek bekend meitsje oft de 38-jierrige winkelmeiwurker fan de winkel dêr't de brân ûntstien is, 'onvoorzichtig' west hat.

Ien fan de dupearren is Wyb Feddema. Hy hopet dat der op in soad fragen dy't hy noch hat antwurden komme.

Omrop Fryslân stjoert de parsekonferinsje oer de grutte brân yn Ljouwert live út.

Trefwurden: 
grutte brân Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)