Smookferbod foar lytse kafees

© Omrop Fryslân
Yn lytse kafees yn Fryslân sûnder personiel mei ynkoarten net mear smookt wurde. Smoken wurdt wer ferbean yn alle hoarekagelegenheden. De Twadde Keamer hat dat mei in krappe mearderheid fan 76 tsjin 70 stimmen besletten. Lytse kafees sûnder personiel wiene oant no ta útsûndere fan it ferbod, mar dat komt te ferfallen. De PVV, SP en VVD stimden tsjin it smookferbod yn lytse kafees.
It ferbod moat noch wol troch de Earste Keamer oannaam wurde, mar de ferwachting is dat dit gjin probleem is. Tsjinstanners ha hjir gjin mearderheid.