Subsydzje foar Cranberrywike

Cranberrys
De 'Cranberryweek Vlieland' krijt hast tsientûzen euro subsydzje fan de provinsje. It feest wurdt hâlden yn oktober en wurdt organisearre troch de VVV Flylân. Alles draait yn de wike om it saneamde reade goud: de cranberry.
Der sil in pop-up restaurant komme midden yn in cranberryfjild, der binne priuwerijen, bern kinne sjem meitsje en der is in merk dy't folslein giet oer de reade bei.
Ek de kuiermoanne op Skiermûntseach krijt jild fan de provinsje foar it evenemint. It giet om 1700 euro. Yn novimber kinne minsken ûnder begelieding fan in gids in kuiertocht meitsje oer it eilân.