Protestaksje tsjin wynmûnen

01 jul 2014 - 19:18

'Mooi Niet', dat wie tiisdeitemiddei it biedwurd by de protestdemonstraasje fan de aksjegroep TegenWind yn Stiens. It giet om in boargerprotest tsjin de mooglike komst fan in kluster wynmûnen tusken de doarpen Alde Leie, Feinsum en Hijum. In goeie hûndert aksjefierders tôgen met toeters, bellen en spandoeken nei it gemeentehûs.

Waarnimmend boargemaster Joop Boertjens fan Ljouwerteradiel naam de hantekeningen yn ûntfangst. Hy stipe de aksje om't ek it bestemmingsplan dizze wynmûnen op dit plak net tastiet.

De FNP komt tongersdei noch mei in moasje yn de ried om it protest ek polityk te ûnderstreekjen.

Trefwurden: 
protest wynmûnen Tegenwind
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)