Kameratafersjoch by PC

01 jul 2014 - 17:33

De gemeente Frjentsjerteradiel hâldt dit jier in proef mei kameratafersjoch op de dei fan de PC. Yn de binnenstêd wurde fjouwer kamera's ophongen. Dizze stjoere mei it keatstoernoai live-bylden troch nei it kommandosintrum fan de helptsjinsten. It plein oan de Sjaardemastrjitte yn Frjentsjer wurdt ek ynrjochte as helpferlieningsplein en stalling foar fytsen. De grutste keatswedstriid fan it jier, de PC, is dit jier op 30 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)