Gjin jild mear nei bobslydzjen

01 jul 2014 - 16:36
  • Se binne der klear foar yn Sotsji

As it NOC*NSF gjin jild mear stekt yn de bobslydsport kin dat de ein fan dizze sport betsjutte yn Nederlân. Dat seit bobslider Sybren Jansma yn in reaksje op it nijs dat it bobslydzjen net mear op de list stiet fan sporten dy't stipe krije fan de sportbûnen en it Olympysk komitee. Foaral de ûntwikkeling fan talinten rint no gefaar tinkt Jansma. Foar himsels en syn team hat it beslút gjin grutte gefolgen omdat se al langer ôfhinklik binne fan priveesponsoring.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)