Tariven fan Omrin wer leger

Lege drinkpakken losse © Omrop Fryslân, Margaretha van der Wal
It taryf foar de ferwurking fan húshâldlik ôffal troch Afvalsturing Friesland BV sakket ek takom jier, it wurdt 13% leger en komt dan út op 65 euro per ton. Sûnt 2006 is it ferwurkingstaryf foar húshâldlik ôffal fan Omrin nei ûnderen gien. Yn dat jier waard noch 122 euro de ton betelle. Omrin kin de tariven leech hâlde troch meardere langrinnende kontrakten mei gemeenten ôf te sluten.