Langere treinen nei Tall Ships

01 jul 2014 - 14:14

Arriva lit ein dizze wike ekstra lange treinen ride tusken Ljouwert en Harns-Haven. It ferfiersbedriuw docht dat yn ferbân mei de Tall Ships Races yn Harns. Dêr wurde sa'n 300.000 besikers ferwachte. Neist de langere treinen, wurde der ek ekstra bussen ynset. It giet dan ûnder oare om bussen út de rjochting Alkmaar en út de Súdwesthoeke. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Arriva.

Trefwurden: 
Harns Arriva Tall Ships Races
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)