Undersyk brân live by Omrop

01 jul 2014 - 12:54

Omrop Fryslân stjoert woansdei de parsekonferinsje oer de grutte brân oan de Kelders yn Ljouwert live út. By de brân fan oktober ferline jier kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben en ûnstie grutte skea oan in tal gebouwen oan de Kelders.

Op de parsekonferinsje wurde de resultaten bekendmakke fan it ûndersyk dat de Ynspeksje foar Feiligens en Justysje dien hat nei de oarsaak fan de brân. De útstjoering begjint om 15.00 oere en is te folgjen op Omrop Fryslân TV.

Der wurdt ek ferslach dien op Twitter. Dat giet fia @OmropFryslan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)