Nij keatsmuseum noch net wis

It bestjoer fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer hat der alle betrouwen yn dat it de finansiering foar de nije lokaasje foar elkoar krijt, ek al is de stelde datum fan 1 july net helle. De gemeente Frjentsjerteradiel sei al 150.000 euro ta. De provinsje is om itselde bedrach frege, mar dy oanfraach rint noch. As dat jild der komt, keapet it museum in âld bankgebou flakby it Sjûkelân.
It museum siet earst yn it âlde gebou fan de Friesland Bank yn Frjentsjer. It guod dat yn it museum útstald wie, leit no yn in opslach.