31 gadingmakkers foar Skylge

Gemeente Skylge
Der hawwe 31 minsken sollisitearre op de funksje fan boargemaster fan Skylge. Under de kandidaten binne 24 manlju en 7 froulju. De measte sollisitanten binne fan de VVD, it CDA of de PvdA.
Ald-boargemaster Jurrit Visser moast ferline jier fanwege sûnens ophâlde. Rob Bats is no sûnt in jier waarnimmer op it eilân. Takom winter moat bekend wêze wa't de nije boargemaster fan Skylge wurdt.