Dupearre sinneboatteam wer los

De dielnimmers fan de útbaarnde sinneboat fan SDOG út Grins dogge dochs noch mei oan de Dong Energy Solar Challenge. Sneintemoarn baarne harren wedstriidboat folslein út. Moandeitemiddei hawwe se in âlde sinneboat yn sân hasten opknapt en woansdei slute se yn Snits wer oan by de float. Se dogge net mear mei om de prizen, mar fine it foar it team belangryk om toch mei te dwaan. De oarsaak fan de brân wie koartsluting, nimmen rekke ferwûne.
Tiisdei farre de sinneboaten fan Drachten nei Snits.