Stef Krul wint yn Nieuw-Roden

01 jul 2014 - 08:17

Stef Krul hat moandeitejûn de twadde etappe fan de hurdfytsmeardaachse Noordenveld-Westerkwartier wûn. De 18-jierrige Tsjalberter hie mei Johan Knol út Midwolde en Harry Sweering fan Snits it peloton yn Nieuw-Roden op in rûntsje setten. Yn de einsprint wie Krul opppermachtich. Knol waard twadde, Sweering tredde. De sprint fan it peloton waard wûn troch Jan Bos fan Bontebok. Yn it algemien klassemint is Johan Knol de nije lieder foar Paul de Haan en Rick Ottema. Harry Sweering is fjirde, Teake Piet van der Werf fan Dearsum fiifde.

Tiisdeitejûn wurdt der riden yn Hoogkerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)