CU: oare namme parkeargaraazje

01 jul 2014 - 07:12
  • ChristenUnie

De ChristenUnie yn Smellingerlân fynt dat de namme fan de nije parkeargaraazje ûnder it Riedhúsplein yn Drachten feroare wurde moat. Neffens de partij moat de garaazje in namme krije dêr't dúdlik út bliken docht dat dy yn it sintrum fan it plak sit. Op de ferwizingsbuorden nei de garaazje soe ek it maksimum deitaryf fan 2,40 euro stean moatte.

De ChristenUnie tinkt dat der sa mear gebrûk fan de garaazje makke wurde sil, op dit stuit bliuwt it gebrûk noch achter by de ferwachtings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)