Laaksumer fiskers kopke ûnder

30 jun 2014 - 21:07

De bruorren Jan en Joop de Vries fan Laaksum wurde as lêste fiskers de dupe fan in maatregel dy't bedoeld is om bears en snoekbears yn de Isermar te rêden. En dat wylst de bruorren hielendal net op dy fisksoart fiskje, mar op bot. Hast alle bears en snoekbears swimt troch harren netten hinne.

Omdat it sa min giet mei de bears en snoekbears, meie alle fiskers fan tiisdei ôf noch mar mei 15 prosint fan de netten fiskje. Dat betsjut foar de bruorren yn Laaksum dat se mar acht netten oerhâlde. Dat is te min om fan te libjen.

Der is tasein dat it ynkommensferlies fan de fiskers kompensearre wurdt, mar omdat it bedriuw fan de bruorren De Vries sa lyts is, smyt dat net genôch jild op. Steatssekretaris Dijksma hat sein dat de maatregel allinnich trochgiet as elke fisker meidocht. Mar de bruorren De Vries dogge net mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)