Dochs fytstunnels Europaplein

It Europaplein yn Ljouwert wurdt nei de winter oanpakt. Mei in krappe mearderheid stimde de gemeenteried moandei yn mei de fariant fan it kolleezje, wêryn't it plein trije fytstunnels krijt.
Trije jier lang is der praat oer plannen foar in feiliger plein. Belangrykste diskusjepunt wie de fraach oft de ferkearsprognoaze fan de gemeenteried wol doogde. Tsjinstanners fine dat it plan mei fytstunnels te bot yngrypt op de útstrieling fan it plein en kamen mei in eigen plan. De ried hat lang om let dochs keazen foar de fariant mei fytstunnels.
De wurksumheden oan de bou fan it nije Europaplein sille nei de winter úteinsette. De bou makket diel út fan it gruttere projekt Leeuwarden Vrij Baan. De kosten fan it nije Europaplein binne 12 miljoen euro.