Fusearre biblioteken úteinset

30 jun 2014 - 17:52

De iepenbiere biblioteken yn Noardwest- en Noardeast-Fryslân gean fan moandei ôf oan fierder as ien stichting mei de namme Iepenbiere Biblioteken Noard-Fryslân. De nije organisaasje leveret tsjinsten oan ynwenners fan fjirtjin gemeenten yn de regio fan Harns oant Achtkarspelen. Op de Waadeilannen kinne lêzers ek by de stichting telâne.

Om de fúzje mooglik te meitsjen, moasten beide biblioteken flink besunigje. Mei-inoar giet it om in besuniging fan sa'n 7 ton. It tal meiwurkers waard werombrocht fan santich nei fyftich minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)