Bach nije oanwinst foar Aris

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De Ljouwerter basketbalploech Aris hat de 23-jierrige Amerikaan Phillip Bach kontraktearre foar it nije seizoen. Back komt oer fan Den Helder Kings, dêr't er twa jier spile. De 1,94 meter lange guard/forward sil by Aris it plak ynnimme fan Tom Snikkers, dy't ophâlden is mei profesjoneel basketbal. De Amerikaan is de earste nije oanwinst foar de ploech fan trainer Tom Simpson.