Slagter wis fan Tour de France

30 jun 2014 - 16:44

Hurdfytser Tom-Jelte Slagter fan Nij Beets is troch syn team Garmin-Sharp offisjeel opnaam yn de ploech dy't meidocht oan de Tour de France. Ploechgenoat Sebastian Langeveld, dy't snein yn Ootmarsum oertsjûgjend Nederlânsk kampioen waard, sit ek yn de Tourploech.

De ronde fan Frankryk begjint no sneon yn de Ingelske stêd Leeds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)