File op A7 nei ûngelok
Ferkear op de A7 tusken Grins en Drachten moat rekken hâlde mei in kilometers lange file. Tusken Mearum en De Like barde fan 'e middei in ûngelok. Dêr wiene ferskate auto's by belutsen. Ien dêrfan bedarre op 'e sydkant yn 'e sleat.
De linker rydstrook is ticht fanwege it ûngelok. Bestjoerders moatte rekken hâlde mei stadich ridend ferkear.