Brêge It Hearrenfean stikken

30 jun 2014 - 15:51
  • De Terbantsterbrêge op It Hearrenfean

De Terbantsterbrêge yn it sintrum fan It Hearrenfean wol net mear iepen. De brêge sit sûnt ôfrûne freed fêst. Fan april oant in wike ferlyn hat de brêge derút lein fanwege grut ûnderhâld. In needbrêge soarge doe foar de ferbining oer de Hearesleat. De brêge hat in wike yn gebrûk west, mar leit der no al in pear dagen út.

Skipfeartferkear moat omfarre. It oare ferkear kin wol fan de brêge gebrûk meitsje. De oarsaak fan de steuring is noch ûnbekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)