'Streuperijteam wer ynfiere'

Fryske binnenfiskers wolle dat it fiskstreuperijteam fan de plysje weromkomt. Se hawwe hieltyd mear lêst fan streuperij en fernielde netten. Ofrûne maitiid binne tweintich fûken stellen en fyftich fernield. It soarget foar tûzenen euro's skea. Sa grut hat de skea yn jierren net mear west. De fiskers tinke dat de taname fan fernielings en streuperij ek komt trochdat de fiskstreuperij net mear sa fûl bestriden wurdt.
De plysje ropt fiskers op om faker en konkreter oanjefte te dwaan, sadat se earder yn aksje komme kin om streupers te pakken.
Yn stee fan in fiskstreuperijteam wurket de plysje no mei saneamde 'tafersjochkringen', dêr't de provinsje, It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân, en natoerorganisaasjes gearwurkje om streuperij oan te pakken. Fan 't winter waarden twa grutte ûndersiken opset, mar dêr kamen gjin oanhâldings út.
Der binne fjirtjin binnenfiskers yn Fryslân.