Hegere omset Fryslân Miljeu

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Fryslân Miljeu, dêr't ûnder oare Omrin ûnder falt, hat yn 2013 mear omset draaid as yn it jier dêrfoar. Dat docht bliken út jiersifers. De omset kaam ferline jier út op 26 miljoen euro. Dat is 1,2 miljoen mear as yn 2012. It nettoresultaat kaam út op goed 6,5 ton, goed 2 ton mear.
De bettere resultaten komme ûnder oare troch de ferkeap fan âlde minykonteners út de gemeenten Hearrenfean, Eaststellingwerf en Opsterlân. Dêrneist is Omrin ferline jier begûn mei de ynsammeling fan tekstyl, ûnder oare mei it Leger des Heils en Empatec.
Omrin wol dit jier noch mear húshâldlik ôffal recycle. No wurdt 64 persint fan it ôffal op 'e nij brûkt. Neffens Omrin kin it omheech nei 70 persint.
Njonken Omrin falt Afvalsturing Friesland ek ûnder Fryslân Miljeu.