FNP: gjin merkkonforme prizen

FNP
Kultuer en sport meie net de dupe wurde fan hegere hierprizen. Dat fynt de FNP yn de gemeente Dongeradiel. Fan tiisdei ôf moatte gemeente saneamde merkkonforme prizen hantearje foar de ferhier fan sealen, sportterreinen en sporthallen. Dat betsjut dat de hieren bot omheech gean kinne.
Gemeenten meie útsûnderings oanwize dêr't dy hegere prizen net foar jilde. De FNP wol dat de gemeente kultuer en sport beskermet wat dat oanbelanget. Neffens FNP-er Klaas Fokkinga binne sport en kultuer fan algemien belang.