Simmerdeis lûkt soad folk

30 jun 2014 - 07:45

It teater- en muzykfestival Simmerdeis yn Drachten hat de ôfrûne fjouwer dagen goed 24.000 besikers lutsen. Dat is in rekôr. It festival waard foar de achtste kear holden.

It Slingepark wie de haadlokaasje. Dêr wiene optredens fan ûnder oare Kraantje Pappie, de Handsome Poets en fan it Dútske teaterselskip Furnace Symphony. Dat joech in foarstelling mei fjoerwurk en in orkest fan gasfornuzen. Der wiene ek ferskate teaterfoarstellingen op lokaasjes krekt bûten Drachten.

Trefwurden: 
muzyk Teater Simmerdeis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)