Goed gefoel oer Oranje

It gefoel dat Oranje wrâldkampioen wurde kin, nimt mei de dei ta. Ek Cambuurtrainer Henk de Jong leaut deryn. Hy sjocht dat de fuotballers fan it Nederlânsk alvetal wat ûnoerwinliks oer har hinne krije.
It Nederlânsk alvetal wist sneintejûn mei 2-1 te winnen fan Meksiko.Wesley Sneijder en âld-Hearrenfeanspiler Klaas-Jan Huntelaar makken de doelpunten yn de lêste minuten fan de wedstryd. Sneon wachtet Kosta Rika.