Gjin NK-titel foar Slagter

29 jun 2014 - 17:43

Hurdfytser Tom-Jelte Slagter fan Nij Beets is der snein net yn slagge de oerwinning te pakken by it NK hurdfytsen yn Ootmarsum. Slagter ried lang yn de kopgroep, mar seach hoe't syn ploechgenoat Sebastian Langeveld út Lisse goed 20 kilometer foar de einstreek wist te ûntsnappen. Langeveld kaam nei 243 kilometer solo oer de finish. Niki Terpstra sprinte úteinlik nei it sulver. Wesley Kreder pakte ferrassend it brûns.

René Hooghiemster fan Drachten koe lang meikomme yn de kopgroep, mar moast úteinlik belies jaan.

By de froulju gong de nasjonale titel sneon nei Iris Slappendel út Ouderkerk aan den IJssel. Sy wie yn in spannende einsprint krekt wat rapper as ploechgenoate en titelferdigenster Lucinda Brand. Wrâldkampioene Marianne Vos, ek fan de Rabobank-ploech einige as tredde. By de beloften pakte Tim Kerkhof út Nistelrode de titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)